原稿の言語: フリジア語
In 17-jierrich famke út Harns is yn Snits oanhâlden foar it slaan fan in 49-jierrige man út 'e Wetterpoartestêd. De man wie op de Falkstrjitte slein troch de frou en noch in man.
De plysje koe it 17-jierrige famke oppakke yn in wente flakby de Falkstrjitte. De man is útnaaid. De plysje ûndersiket de saak.